Grouster moat de finzenis yn foar it stellen fan reinpipen

20 feb 2017 - 18:11
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 52-jierrige ynwenner fan Grou hat fan de rjochter seis wiken selstraf krigen foar it stellen fan koperen reinpipen. De stellerij waard dien by de protestantske tsjerke fan Jellum. De man waard betrape doe't er letter yn de nacht rûnskarrele op in begraafplak yn Weidum. In tsjûge warskôge de plysje. De Grouster waard dêrop by Boksum oanhâlden.

Syn auto lei fol koperen reinpipen. De man sei dat er it guod fan in freon krigen hie. De lingte fan de pipen kamen lykwols folslein oerien mei de fermiste pipen fan de tsjerke fan Jellum.

De man is gjin ûnbekende fan de plysje. Sa waard er op 5 oktober by de Potmarge yn Ljouwert oanhâlden om't er mei in mes stie te swaaien. By syn oanhâlding hie de Grouster in gram heroïne by him.

Op 17 desimber krige er al in finzenisstraf fan sân wiken foar ferbean wapenbesit. De Grouster moat de skea dy't de tsjerke oprûn hat sels betelje. It bedrach hjirfoar komt út op 652 euro.

Trefwurden: 
Grou stellerij reinpiip
(Advertinsje)
(Advertinsje)