Fryske fuotbalsters mei Oranjefroulju nei Algarve Cup

20 feb 2017 - 17:47
Sisca Folkertsma

De Fryske fuotballers Sisca Folkertsma, Sherida Spitse en Loes Geurts sitte by de seleksje fan de Oranjefroulju dy't yn maart meidocht oan de Algarve Cup yn Portugal. Yn it toernoai treffe se ûnder oare Sina, Australië en Sweden as tsjinstanner. De froulju riede harren ta op it EK dat fan 't simmer yn Nederlân hâlde wurde sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)