Taakstraf en autorydferbod foar agressive drankrider

In man út De Harkema hat in taakstraf fan 40 oeren krigen, omdat er mei alkohol op yn de auto stapt wie en in strjitlampe omriden hie. Ek hie er hast in groepke famkes op de fyts oanriden.
In plysjeman dy't tafallich yn de buert wie, gie achter him oan en belle yntusken syn kollega's. De man út De Harkema foel de plysjeman oan en bedrige him mei de dea. Hy waard úteinlik yn in kafee oppakt. Njonken de wurkstraf mei de man ek in healjier net mear autoride.