Fytser ferwûne by oanriding mei auto by De Harkema

20 feb 2017 - 17:11

In fytser is moandei ferwûne rekke op de Betonwei by De Harkema. De fytser waard by it oerstekken skept troch in auto. It ûngelok barde op de kruising mei de Reitsmastrjitte.

De plysje, ambulânse en it Mobyl Medysk Team wiene oanwêzich om earste help te jaan. Der waard ek in helikopter ynset. Oer de aard fan ferwûnings kin de plysje noch gjin meidielings dwaan.

Trefwurden: 
De Harkema fytser oanriding
(advertinsje)
(advertinsje)