Arriva past tsjinstregeling oan nei klachten sjauffeurs

20 feb 2017 - 16:48

Ferfierbedriuw Arriva past de tsjinstregeling fan de bussen oan nei klachten fan sjauffeurs. Neffens it fakbûn FNV, dat de klachten nei bûten brocht hat, is de tsjinstregeling te krap. Om mar op 'e tiid te wêzen, slaan de sjauffeurs geregeld skoft oer. De druk ferget in soad fan de minsken, seit de FNV.

Arriva seit dat it de sinjalen fan de sjauffeurs hiel serieus nimt. Dêrom wurdt de tsjinstregeling mei yngong fan moandei al oanpast, om de slimste pinepunten derút te heljen.

Der wurdt ek wurke oan oare oanpassingen, mar dy kostje wat mear tiid, seit Arriva.

(Advertinsje)
(Advertinsje)