Nije aksje tsjin hûnestront yn Ljouwert

Wethâlder Isabelle Diks fan de gemeente Ljouwert hat moandeitemoarn it startsein jûn foar de nije anty-hûnestrontaksje 'Een echt baasje houdt 't schoon'. Se die dat yn it Fiverpark oan de Karel Doormanstrjitte yn Ljouwert. Dat is ien fan dé hûnestront-hotspots fan de stêd. Yn it park stiet no in boerd mei de tekst 'Een schone gemeente, daar zijn wij niet vies van!'
Omwenners hiene de lêste tiid geregeld by de gemeente klage oer de hûnestront yn it Fiverpark.
Stront bliuwt winterdeis faker lizzen
De aksje begjint mei sin yn febrewaris, omdat de hûnestront-oerlêst benammen yn de winter grut is. Hûnebesitters dogge neffens Diks yn de kâlde en tsjustere wintermoannen folle minder goed harren bêst om de stront op te romjen. De sosjale kontrôle is yn de winter ek in stik lytser as yn de simmer. De nije kampanje fan de gemeente Ljouwert set yn op foarljochting, foarsjenningen lykas hûnepoepbakken en op it ferbalisearjen fan baaskes dy't wegerje om de stront fan de hûn mei te nimmen.
Kontrôle ek yn boarger
De boetes lige der net om. Op it net meinimmen fan hûnestront stiet in boete fan 97 euro. De hûn losrinne litte op plakken dêr't dat net mei, kostet 140 euro. De tritich kontroleurs fan it Team Hanthavening fan de gemeente sille tafersjoch hâlde. Om de pakkâns grutter te meitsjen, dogge se dat net allinnich yn uniform, mar ek yn boarger. Tagelyk giet it ek om in positive aksje, lit de wethâlder wite. Se wol baaskes fan hûnen wize op harren ferantwurdlikens. Minsken dy't de hûnestront wol opromje wolle, kinne fergees pûdsjes en gripers krije.
Stront by boartersplak "kin echt net"
As hûnebesitter hat frou Diks sels ek ûnderfining mei de matearje. De wethâlder fan miljeu rommet de stront altyd op en har man ek, mar se komt foar har gefoel tefolle oare minsken tsjin dy't dat net dogge. "Hondepoep vlak bij een kinderspeelplaats laten liggen, zoals in dit park, vind ik echt niet kunnen", seit Diks. "Dan is handhaving echt op z'n plaats."