Friezen liene it measte jild fan alle Nederlanners

20 feb 2017 - 15:13
Foto: Omrop Fryslân

Friezen ha ferline jier mear jild liend as oare Nederlanners. Dat docht bliken út ûndersyk fan kredytferstrekker Geldshop. Dy hat de gegevens fan in hiel soad lieningen ûndersocht. Friezen lienden gemiddeld goed 22.000 euro. Dat is de helte mear (58 persint) as it jier dêrfoar, doe't Friezen gemiddeld it minste lienden fan hiel Nederlân.

Ek lanlik waard der foars mear liend as it jier dêrfoar, nammentlik 19 persint mear. Gemiddeld wie dit goed 18.000 euro.

Trefwurden: 
jild liene Geldshop liening
(Advertinsje)
(Advertinsje)