Juristen prate nije wike oer sitewaasje by Caparis

20 feb 2017 - 11:36

De juristen fan de acht gemeenten dy't yn de mienskiplike regeling (GR) sitte en dy fan de ûndernimmingsried fan Caparis sille nije wike om 'e tafel oer de brief fan de UR oer it feit dat neffens harren de GR yn striid mei de wet wurket.

Dat seit de foarsitter fan de GR, Engbert van Esch. Hy wol net ynhâldlik reagearje op it brief. It is no maaitiidsfakânsje en neffens him sille de advokaten nije wike de saak fierder beprate.

Gjin foech

De GR soe neffens de ûndernimmingsried net neffens de wet hannelje omdat se net in deistich bestjoer hawwe. Der soene besluten troch it algemien bestjoer naam wêze wylst se dêr gjin foech foar hawwe.

Ek soe de GR net terjochte yn it geheim fergadere hawwe. Dat kin neffens de juristen fan de UR net op basis fan de wet Openbaarheid van Bestuur. Dêr soe it gearwurkingsferbân fan de gemeenten net oan foldien hawwe.

De mienskiplike regeling is in gearwurking fan acht gemeenten (Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Achtkarspelen, Opsterlân en Tytsjerksteradiel).

(Advertinsje)
(Advertinsje)