Grut-Fryslânpaad is moaiste kuierrûte fan it jier

Kuierje yn stilte
It Grut-Fryslân kuierpaad is útroppen ta 'Wandelroute' fan it jier 2017 fan Nederlân en België. Wandelnet, dat de 362 kilometer lange rûte beheard, krige de priis op de Fiets- en Wandelbeurs yn it Belgyske Gent. It kuierpaad kaam tegearre mei it paad tusken Amsterdam en Parys yn de finale, wêrnei't de sjuery unanym keas foar it Grut-Fryslân kuierpaad.
Benammen de ôfwikseling fan de lânskippen skoarde goed. It paad rint fan Noard-Hollân, fia Fryslân, Drinte en Grinslân nei it Dútske Ostfriesland.
Modern
It projekt hat neffens de sjuery alles wat in moderne rûte nedich hat: ''Voldoende onverharde paden, verzorgde bewegwijzering, een uitstekend routeboekje, een website met info en tracks en vooral een rijke afwisseling aan landschappen en dorpen. Kortom, een volwaardige aanwinst voor het uitgebreide Nederlandse wandelnetwerk.''