Appe achter it stjoer? De plysje wol it ûnmooglik meitsje

20 feb 2017 - 10:38

It is libbensgefaarlik: appe efter it stjoer. Dochs wurdt it hiele protte dien. Plysjekontrôles op de A7 smieten yn ien wike tiid hûnderten bekeuringen op.

Egbert-Jan van Hasselt fan de Nasjonale Plysje fynt dêrom dat alle persoane-auto's yn Nederlân útrêst wurde moat mei apparatuer dy't it ûnmooglik makket om te appen en te mailen mei it riden.

Yn de Telegraaf seit Van Hasselt dêr it folgjende oer: "Automobilisten gedragen zich steeds slechter. Afleiding, drankgebruik en te hoge snelheid in het verkeer zijn steeds vaker de oorzaak van ongevallen. Technisch is hier wat aan te doen. Ik doe een oproep aan de politiek om hier werk van te maken."

Proef op de som

Ferslachjouwer Bauke Deelstra socht út hoe gefaarlik it is om te appen yn de auto. Hy appte efter it stjoer yn in lesauto fan ryndynstrukteur Berend Knol mei presintator Jacob Stelwagen. Hoe't dat gong kinne jo hjir weromharkje.

Trefwurden: 
appen nasjonale plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)