Kollum: "No shit"

20 feb 2017 - 08:23

"Dit wykein fierde ik karnaval yn Drabbelterp, oftewol Snits. En bliksem, dy Snitsers kinne wol in aardich poepke feest fiere. Ik ferbjustere my dan ek oer it nijs dat just de follybalfroulju út Snits sa dwers lizzen gongen ôfrûne wike by it fersetten fan in wedstriid tsjin de froulju fan Flamingo's út Limboarch. Dizze klup út Gennep woe graach yn stee fan sneon op freed spylje om't de sporthal dy sneons net beskikber wêze soe. It follybalbûn wie akkoart. Mar yn Snits tochten se nochris wat djipper nei.

Begjint nije wike net de karnaval yn it suden? Soe dat stikem net de reden wêze? Dus bellen se mei de sporthal yn Gennep. Ah jonge ja, dêr wie romte genôch, wie it antwurd. En dus fielden se har yn Drabbelterp flink yn ‘e sek naaid. “We spelen toch zeker niet in een Mickey Mousecompetitie”, rôp trainster Petra Groenland lilk.

Spul dus, wylst it ek hiel oars kinnen hie. Stel no dat se yn Gennep nei Snits belle hienen om earlik te fertellen dat dizze wedstriid se ferrekte beroerd útkaam omdat se eins folle leaver ferklaaid yn in brún kafee stean woenen om flink wat bier fuort te “heisen”. Dan hienen se dêr yn Snits sein: grut gelyk. Wy as Fryske karnavalfierders kinne soks begripe.

“Alles leuk en aardich”, hie Petra dan sein. “Mar litte we it dan as folcht dwaan: we fersette de wedstriid nei moarns en dûke dêrnei mei ús allen it feest yn.” Wol sa sportyf, Fryslân en Limboarch tegearre sa smoar as in doar. “Puik plan”, hiene se yn Limboarch roppen. En foar sliepplak wurdt fansels soarge.

Omtinke neame se soks. Net yn problemen tinke, mar yn oplossingen. En dat kinst oeral op tapasse. Nim bygelyks it nijs oer dy fjouwer jonkjes by in fuotbalklup út Brabân, dy't te min lotten ferkocht hiene en no troch it bestjoer út de klup smiten binne. VV Bladella hjit de klup, út Bladel. Orizjineel binne se dêr net echt docht wol bliken. En dat sjochst dus ek yn de wize wêrop’t se dit oanpakke.

Yn stee fan straffen kinne je better krekt oarsom tinke: motivearje bern om sa folle mooglik lotten te ferkeapjen mei aardige winaksjes. De winner dy’t de measte lotten ferkocht hat, krijt in nij fuotbalbroekje, mei by it earste alvetal meitraine en is VIP by de folgjende wedstriid. Dat is dochs folle aardiger?
En net allinnich yn it suden kinne se noch wat leare fan it omtinken.

Ek wy hjir yn Fryslân ha noch in lange wei te gean. Yn Ljouwert wolle se minsken dy't har hûn oeral samar skite litte hurder oanpakke. Op himsels in goed ding, want der is neat goarders as hûnestront. Mar dat dogge se dan troch mear boetes út te skriuwen. Tsja, dêr set ik myn fraachtekens by. Ast in flinke boete oan 'e kont krijst, dan wurdst lilk en tinkst de folgjende kear dat Bijke op 'e stoepe skyt: sa, krekt goed gemeente Ljouwert. Ik lit it lizze.

Yn stee fan boetes kinst better krekt oarsom tinke en meitsje baaskes op in ludike wize attint op dy keutels. By ús yn Aldegea is in prachtich kuierpaad dêr't elkenien alle dagen de hûn útlit. Oeral leit dus stront, want net alle baaskes nimme sa'n handich read skytpûdsje mei. Oan it paad stiet ien hûs en de bewenners ha skjin harren nocht fan al dy stront. Dus sette se no by elk bultsje dat se fine in buordsje mei in tekst. Sa stiet der yn it iene droltsje de tekst 'Beste kakker'. In eintsje fierder stiet in buordsje mei 'Moaiste opbou'. Wer efkes fierderop pronket de titel ‘Orzjinaliteitspriis 2017’.

Sa no en dan makket it stel nije buordsjes mei oare aardige farianten. It is yntusken in aardichheid om der by del te kuierjen en al dy nije taalfynsten efkes troch te lêzen. Op dizze wize litte de bewenners ús sjen hoefolle stront der leit, sûnder dat se in bestraffend fingerke opstekke. En it helpt, want stadichoan komme der hieltyd minder bultsjes. In prachtich foarbyld fan omtinken.

Oft it no giet om karnavalrûzjes, nijjierslotten of hûnestront. Wy soene wat faker omtinke moatte. Want as elk grut probleem in nije kâns is, dan wurdt sels in takomst mei Trump as presidint noch roaskleurich. No shit."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwerfoar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)