Wat moat der barre mei de Boschplaat op Skylge?

20 feb 2017 - 07:24

Eilânbewenners, al of net ferienige, en saakkundigen wurde oproppen om mei elkoar op papier te setten hoe't it fierder moat mei de Boschplaat op Skylge. Ein dit jier moat der dan in takomstfyzje oerlange wurde oan de provinsje.

Dat der suver fan nul ôf begûn wurdt mei sa'n fyzje yn 'e mande mei de eilanners hat fansels in reden. Wat der op de Boschplaat bart, leit gefoelich op it eilân. It natuergebiet ferrûget wêrtroch der in hieltiten minder grut ferskaat oan fûgels sit.

Fierder groeit de kwelder net mei de seespegelstiging mei. En dat kin op termyn ek ferkeard ôfrinne.

Trefwurden: 
Boschplaat Skylge natuer
(Advertinsje)
(Advertinsje)