UR: "Gearwurkingsferbân Caparis doocht juridysk net"

20 feb 2017 - 06:44
It filiaal fan Caparis yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De mienskiplike regeling, it gearwurkingsferbân fan acht gemeenten dy't partisipearje yn sosjale wurkfoarsjenning Caparis, soe juridysk net doge en net neffens de wet útfierd wêze. In brief hjiroer fan de ûndernimmingsried fan Caparis is nei alle rieden en kolleezjes stjoerd.

De ûr ferwachtet in reaksje fan de gemeenten en wol moandei oerlis mei de wethâlders  As dy net reagearje nimt de ûr fierdere (juridyske) stappen en ljochtsje Deputearre Steaten yn. Ek de minister sil dan op 'e hichte steld wurde. 

Deistich bestjoer

De ûr fan Caparis stelt dat de mienskiplike regeling (GR) in deistich bestjoer hawwe moat. Sûnt de oprjochting fan de gearwurking hat dêr gjin sprake fan west. Dêrtroch soene alle besluten ûnrjochtmjittich wêze. Besluten binne naam troch in algemien bestjoer en dy hat dêrfoar it foech net.

Gearkomsten fan in algemien bestjoer hiene iepenbier wêze moatten, stelt de ûndernimmingsried fierder. Dat is net bard. De ûndernimmingsried hat earder dizze moanne hjiroer de GR op 'e hichte steld en no ek alle riedsleden oer de sitewaasje ynformearre.

Wob-fersyk

De ûr-leden easkje per ommegeande iepenbierheid fan saken wat de gearkomsten oanbelanget dy't der west ha. Ek dogge se in wob-fersyk oer de ôfbouplannen fan Caparis yn de ferskate gemeenten.

De ûr seit dat it foarkomme wol dat beslútfoarming oer de takomst fan it bedriuw fertraging oprint troch it net foldwaan oan de wet. De leden sizze mei neidruk dat se net yn in juridyske striid komme wolle en dêrom sa gau as mooglik ûnderling oerlis hawwe wolle.

De acht gemeenten dy't yn Caparis partisipearje binne Ljouwert, Achtkarspelen, East- en Weststellingwerf, Hearrenfean, Smellingerlân , Tytsjerksteradiel en Opsterlân. De gemeenten tinke ferskillend oer de wize fan herstrukturearing fan de sosjale wurkfoarsjenning.

Trefwurden: 
Caparis ûndernimmingsried
(Advertinsje)
(Advertinsje)