Bewenners Skoatterwâld komme mei petysje tsjin gaswinning

Skoatterwâld © Omrop Fryslân, Feike Wouda
Ferûntrêste bewenners fan Skoatterwâld binne in petysje begûn tsjin de gaswinning ûnder de Hearrenfeanster wenwyk. De bewenners binne bot skrokken fan it nijs dat gaswinbedriuw Vermilion al twa jier gas wint út de boaiem fan de wyk, sûnder dat bewenners en gemeente dat wisten.
De bewenners wolle in belangeferiening oprjochtsje as gesprekspartner fan Vermilion en de gemeente. De petysje is al tsientallen kearen ûndertekene.