Follybalsters Snits winne nasjonale beker

De follybalsters fan VC Snits hawwe snein yn Zwolle de beker wûn. De ploech fan coach Petra Groenland wie mei 3-1 yn sets te sterk foar Sliedrecht Sport. It wie benammen yn de earste set behoarlik spannend: de Snitsers wûnen dy mei 30-28. Dêrnei kaam Sliedrecht op 1-1 troch de twadde set mei 25-22 te winnen.
De beker koe binnen helle wurde troch de lêste twa sets mei 25-13 en 25-23 te winnen. It is de sânde kear yn de kluphistoarje dat Snits de beker wint. De lêste kear wie trije jier lyn.
Sterk begjin Snits
Snits krige yn de earste set fiif setpoints, mar it duorre lang foar't se it beslisse koene. In flater by Sliedrecht Sport liede úteinlik ta in 30-28 oerwinning. Snits like de goeie foarm yn de twadde set troch te setten, mar in moaie foarsprong waard út hannen jûn. Dêrtroch gie de set mei 25-22 nei Sliedrecht. De tredde set wie it krekt oarsom en joech Sliedrecht in betide foarsprong fuort oan Snits. Mei troch in pear goeie opslaggen fan Paula Boonstra gie de set mei oermacht nei de Fryske follybalsters: 25-13. De lêste set stie Snits hieltyd foar en úteinlik waard it twadde matchpoint fersulvere.
Troch de oerwinning pleatst VC Snits him ek foar Europeesk follybal. Oft se dat dogge is allinne noch mar de fraach. Dat kostet in soad jild. Dit seizoen hie Snits ek Europeesk follybalje kinnen, mar hat de klup der ek foar keazen om dat net te dwaan.