Johan van der Meulen makket syn rentree op it keatsfjild

Opslagger Johan van der Meulen is takom seizoen dochs wer aktyf op de Fryske keatsfjilden. Hy sil de rûtinier wêze yn in partoer mei Djurre Seerden út Frjentsjer en Joran Gerbranda út Seisbierrum. Yn septimber 2016 naam Van der Meulen noch ôfskied fan it keatsen.
Hy wûn doe de keningspriis by de Aldehoupartij, wat syn lêste partij wêze soe. No komt Van der Meulen dochs wer yn aksje, as it keatsseizoen yn maaie wer úteinset.