Bobslider Jeroen Piek net troch nei finalerun op it WK

Jeroen Piek © ANP
Bobslider Jeroen Piek fan It Hearrenfean is tegearre mei Ivo de Bruin op it 27ste plak einige op it WK bobslydzjen yn it Dútske Köningssee. Trochdat Piek en De Bruin yn de twamansbob op dat plak einigen, dogge se net mei oan de finalerun snein. In wike lyn waard dúdlik dat Piek de remmer waard yn de twamansbob.
Se hawwe dus net in soad traine kinnen. Op it WK kinne de bobs harren ek al pleatse foar de Olympyske Spelen fan folgjend jier. Takom wike soe Piek ek noch yn aksje komme kinne yn de fjouwermansbob.