Auto rekket fan de dyk by Haskerdiken
Op de A32 by Haskerdiken is sneintemiddei in auto fan de dyk rekke. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. Nei alle gedachten is de automobilist de macht oer it stjoer ferlern.
De bestjoerster is net ferwûne rekke, mar bedarre wol hast mei har auto yn de sleat. Der is in berger oproppen om de auto wer de dyk op te krijen.