Omjouwing kin gruttere rol spylje by fjochtskieding

19 feb 2017 - 14:01

De omjouwing kin in folle gruttere rol spylje by fjochtskiedingen. Pakes, beppes, skoallen, buorlju kinne allegear wat dwaan om húshâldingen te helpen dy't mei in drege skieding te meitsjen krije. Dat seit famyljerjochter Klijn, dy't yn 10 jier tiid in soad ellinde foarby kommen seach yn sittingen. Der giet yn foartrajekten in hiel soad mis as de âlden net de goede help krije, neffens Klijn. Ek moat de rjochtspraak oars mei de saken omgean.

Klijn hat meiskreaun oan it fisydokumint 'rechtspraak (echt)scheiding ouders met kinderen'. Guon punten dêr't de rjochtbank yn it noarden al mei wurket steane hjir ek yn. Dy wurde dit jier foar in part lanlik oernaam.

De gefolgen foar bern binne grut as de problemen tusken de âlden net oplost wurde. Dat fernimme se ek by helpferlieningsynstânsje Fier yn Ljouwert. Ingrid Eisma wurket dêr mei bern, mar ek mei heit en mem. Ek sy fynt dat it netwurk om de bern hinne folle mear dwaan kin.

Moandeitemoarn op de radio en moandei en tiisdei yn Fryslân Hjoed mear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)