Auto knalt tsjin gevel fan supermerk yn Ljouwert

By parkeargaraazje Hoeksterend yn Ljouwert is sneintemoarn in auto tsjin de gevel fan supermerk Jumbo botst. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt. Nimmen rekke ferwûne, wol sneuvelen twa ruten en hat de auto flinke skea oprûn. De dyk hat in skoftsje ôfsletten west foar ferkear.
It is net de earste kear dat in automobilist de macht oer it stjoer kwytrekket by de Jumbo. Yn oktober botste der ek al in auto op de gevel.