Militêren oefenje yn Dongeradiel en Dantumadiel

19 feb 2017 - 11:34
Foto: ANP

Yn de gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel wurdt fan moandei ôf in militêre oefening holden. Dat bart ûnder oare yn Nes en Driezum. Oan de oefening dogge goed 25 militêren mei. Der wurde ek twa fleantugen en sân militêre weinen ynsetten. De militêren wurde traind yn it waarnimmen en oanjaan fan út te skeakeljen doelen oan fleantugen. Der binne motorisearre patrûljes en de militêren rinne ek mei wapens troch it gebiet. Se brûke gjin munysje. De oefening duorret oant en mei freed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)