Ekstraatsje foar mantelsoargers yn de gemeente Harns

19 feb 2017 - 11:07
Foto: ANP

Ynwenners fan de gemeente Harns dy't foar in oar soargje, kinne in mantelsoarchkomplimint krije. It giet om in jildbedrach fan 50 euro. De mantelsoargers yn de gemeente hawwe earder yn in enkête sels oanjûn dat se graach sa'n ekstraatsje krije. Ek ha se ferlet fan strukturele stipe. De gemeente sil him hjir no mear op rjochtsje, ek om oerbelêsting fan mantelsoargers foar te kommen. It tal mantelsoargers yn de gemeente wurdt rûsd op goed trijetûzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)