Ynbrutsen yn fjouwer bestelbuskes yn Drachten

Autodief (argyffoto) © Omrop Fryslân
Tusken freedtemiddei fjouwer oere en sneontemoarn healwei alven is der ynbrutsen yn fjouwer bestelbuskes yn Drachten. Dy stiene parkearre op de iepenbiere dyk oan de Claerkamp, De Warande, Klaverweide en de Gernaerd. De dieven hiene in rút ynslein om yn de buskes komme te kinnen. Se wiene út op ark, mar hawwe nei alle gedachten neat meinaam. De plysje is op syk nei tsjûgen.