Betize frou smyt opnij ruten plysjeburo Easterwâlde yn

19 feb 2017 - 10:50

In 30-jierrige frou út Easterwâlde hat sneontenacht foar de fjirde kear de ruten fan it plysjeburo yn har wenplak fernield. Se kaam oanfytsen en begûn mei stikken stoepetegels te smiten. Yn de nacht fan tongersdei op freed hie se dat ek dien. Doe sieten der grutte stjerren en barsten yn de ruten. Dit kear fernielde se de needruten. Neffens de plysje giet it om in betize frou. "We kennen al haar een tijdje, maar weten niet wat haar bezielt en triggert", seit in wurdfierder.

Ferline jier is de frou ek in pear kear oanholden. Doe belle se somtiden wol hûnderten kear yn in nacht it alarmnûmer 112. De frou wurdt hieltyd fêstset op it plysjeburo, mar se jout gjin ferklearring. Omdat it net om in hiel slim fergryp giet, moat de plysje har nei it opmeitsjen fan it proses-ferbaal wer gean litte. De GGD bemuoit him ek mei de saak, mar dy fynt it noch net nedich om de frou op te nimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)