26-jierrige frou ferwûne by ûngelok op A32

19 feb 2017 - 09:35

In 26-jierrige frou út Drachten is sneintemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 by Grou. De autobestjoerster rekke de linker fangrail en kaam dêrnei oan de oare kant yn 'e greide telâne. De auto kaam op de sydkant ta stilstân. De brânwacht hat de frou út har auto helle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok A32 Grou Drachten
(advertinsje)