UNIS Flyers wint net yn België fan Bulldogs Luik

18 feb 2017 - 21:18
Stockfoto - Foto: Martin de Jong

UNIS Flyers hat sneontejûn yn België mei 4-3 ferlern fan de Bulldogs Luik. Nei 9 minuten kaam Luik al op foarsprong en yn de 14de minút skoarde de thúsploech nochris. Fuort dêrnei skoarde Demelline de earste tsjingoal, mar de Belgen setten doe frij flot de 3-1 op it boerd. Nei sa'n 40 minuten spyljen wie de stân 4-1.

Yn de tredde perioade soarge Demelinne wer foar in goal foar de Flyers en ek de tredde goal foar de Flyers kaam op namme fan Demelinne mei noch minder as in heale minút te spyljen.

It wie de lêste wedstriid fan de iishockyers yn de reguliere kompetsysje. Kommend wykein wurdt op Thialf it kampioenskip Final Four spile. Dat giet tusken Eindhoven, Amsterdam, Den Haag en de Flyers.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)