VVD Hearrenfean wol nulmjitting yn gebiet gasboarrings

18 feb 2017 - 21:10

De VVD yn Hearrenfean wol dat der gau in nulmjitting komt yn it hiele gebiet yn de gemeente dêr't nei gas boarre wurdt. Lêsten die bliken dat Vermilion al twa jier lang gas út de grûn hellet by de wenwyk Skoatterwâld. De gemeente en de ynwenners wisten dat net.

De fraksje ropt ek op om sa gau mooglik in ynformaasjejûn te organisearjen foar de ynwenners mei Vermilion en it Staatstoezicht op de Mijnen oer de gasboarringen.

"De nulmeting heeft bij aanvang van de gaswinning niet plaatsgevonden. Het is belangrijk dat dit nu zo snel mogelijk gebeurt, zodat we de huidige situatie goed in beeld hebben," seit VVD fraksjefoarsitter Tjeerd Waterlander. "Deze gaswinning zal misschien geen vervelende gevolgen hebben, maar als er wel schade ontstaat moeten er zo snel mogelijk maatregelen kunnen worden genomen."

(advertinsje)