Harkemase Boys giet yn blessueretiid ûnderút tsjin SteDoCo

Harkemase Boys moast it sneon thús opnimme tsjin SteDeCo út Hoornaar. Beide ploegen wiene oan elkoar weage. Foar rêst krige Henny Bouius in grutte kâns, mar hy skeat tsjin de keeper fan SteDeCo oan. It wie noch gjin echt grut spektakel. Nei rêst besochten de Boys de druk op te fieren. Der wie ek mear spektakel en de Boys hiene in hiele goeie faze mei bygelyks in prachtige kâns foar Ezra Schrijver. Yn blessueretiid makke SteDoCo yn de 91ste minút dochs noch de 0-1.
Dit betsjutte in soer en ûnterjochte ferlies foar Harkemase Boys.