ONS ferliest ûnnedich mei 3-0 yn Scheveningen

18 feb 2017 - 16:36

ONS reizge sneon nei Scheveningen. Beide ploegen begûnen goed oan de wedstriid. Se spilen yn heech tempo en oer en wer wienen der kânsen, mar ta skoaren kaam it net foar rêst. Fuort nei rêst wiene der foaral kânsen foar de thúsploech. Yn de 58ste minút skeat Fabien Stevens krekt neist en krige ONS wer wat mear grip op de wedstriid. Yn de 75ste minút waard it dan dochs 1-0 foar de thúsklup krekt nei in pear moaie kânsen foar ONS. Scheveningen fierde de druk op en ONS moast fol oan de bak. Yn de 85ste en 90ste minút skoarde Scheveningen noch.

Dizze útslach wie wol wat flattearre en dan ek soer foar ONS.

Trefwurden: 
ONS fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)