Steatssekretaris hat gjin jild foar Iselmarfiskers

© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Steatssekretaris Martijn van Dam sjocht gjin mooglikheden om finansjele stipe te jaan oan Iselmarfiskers dy't ophâlde wolle. Hy seit dat dat neffens regels foar steatsstipe ek net mei. Hy skriuwt dat yn antwurd op in brânbrief fan de provinsjes Fryslân, Flevolân en Noard-Hollân. Der binne te folle fiskers mei in fergunning en te min fisk. Om de fiskers út te keapjen soe 5 oant 7 miljoen euro nedich wêze. De steatssekretaris wol yn de rin fan maart mei de belutsen partijen om tafel om te sjen hoe't de problemen oplost wurde kinne.