Drankrider rydt op plysje yn Ljouwert yn

18 feb 2017 - 14:47
Foto: ANP

In 21-jierrige drankrider út Súdwest-Fryslân is freedtenacht yn Ljouwert oanhâlden, nei't er op in plysje op 'e fyts ynriden wie. De man ried mei hege snelheid troch it sintrum en krige op de Weaze in stopteken fan twa plysjes. De bestjoerder remme ôf, mar joech krekt foar de plysjes gas. Ien fan de plysjes moast oan de kant springe om foar te kommen dat hy troch de auto skept wurde soe. De auto waard letter leech fûn op de Emmakade. Nei in koarte syktocht is de bestjoerder oanhâlden.

Syn 20-jierrige passazjier út de gemeente Zwartewaterland moast ek mei nei it buro. Yn de auto waarden sân pûdsjes mei kokaïne fûn. De beide manlju sitte noch fêst. De resjerzje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)