Ljouwerters oppakt foar kokaïne en flybjen

18 feb 2017 - 14:16
Drugs - Foto: Omrop Fryslân

In 24-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon oanholden foar drugshannel. Yn de Doelesteeg yn de stêd seach in portier dat er drugs ferkocht. De tsjûge belle de plysje. Dy trof by de man seis boltsjes kokaïne en ek noch in heale wikkel kokaïne oan. De Ljouwerter is oppakt. De plysje docht fierder ûndersyk.

De plysje hat sneontemoarn betiid in man fan 20 jier út Ljouwert oanholden. Hy wie in horeksasaak yn de stêd útsetten omdat er dêr mei ien op de fûst gong wie. Bûten flibe er de portier yn it gesicht. De fertochte waard oppakt en sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
kokaïne Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)