Flylân skoart goed by besikers, se krije in 9

Besikers jouwe Flylân in 9 as it om de natuer en it lânskip giet. Oan de online-enkête diene hast 6000 minsken mei. Dy binne benammen te sprekken oer de natuer. Ut de enkête docht fierder bliken dat 8 op de 10 besikers weromkomme, soms generaasjes lang. It byld dat der allinnich rike minsken út it Goai komme kloppet neffens de gemeente net.
Minder goed skoare de foarsjennings foar de jongerein. Neffens Joop Lichtenberg fan de gemeente binne dy foarsjennings der wol, mar noch net sa bekend. Se sille dêr mear bekendheid oan jaan.