'Perspektyfjier' foar groep dy't net wurket en net leart

18 feb 2017 - 13:24

Om foar te kommen dat jong-folwoeksenen dy't net wurkje en ek net mear leare definityf bûten de boat falle, komme 39 stêden mei in nije oanpak. In jier lang krije de tweintigers begelieding, in oplieding en finansjele stipe. Ek kine se wurkûnderfining opdwaan. Lanlik giet it om sa'n 138.000 minsken, yn Ljouwert om inkele tsientallen. Wethâlder Andries Ekhart fan de gemeente Ljouwert wol sa gau mooglik begjinne mei it perspektyfjier foar de tweintigers, om foar te kommen dat se foar altyd yn de bystân sitte.

Fia de wykteams en de skoallen hat de gemeente Ljouwert sicht op wa't it binne. De MBO Raad en de Nederlandse Raad voor Training en Opleiding hat de plannen freed yn Utrecht bekend makke. De 32 gruttere gemeenten yn Nederlân hawwe ôfspraken makke om dit probleem oan te pakken.

Trefwurden: 
perspektyfjier wurkleazen
(advertinsje)
(advertinsje)