Stichting Colours wint dikke priis út ING-lotterij

18 feb 2017 - 12:27

De stichting Colours út Drachten hat op It Hearrenfean de lanlike goede doele-kompetysje fan de ING wûn. De stichting stipet jonge gesinnen, dêr't ien fan de âlden slim fan siik is. Se krigen in bedrach fan 10.000 euro útrikt. Der wiene hast 80.000 stimmen útbrocht en 1316 dêrfan waarden útbrocht op Colours.

Yn totaal waard der sneon op It Hearrenfean 17.500 euro útrikt oan allerhanne goede doelen.

(advertinsje)