"Nei de 1-0 hiene wy saakliker spylje moatten"

17 feb 2017 - 22:59

Cambuurtrainer Sipke Hulshoff sjocht tefreden werom op de útwedstriid fan freed tsjin Almere City. De Ljouwerters wûnen de wedstriid mei 1-0."Wy moasten punten helje. Dat wie it belangrykste." Troch de winst stiet Cambuur no ien punt boppe Almere, by ferlies hiene de Ljouwerters fiif punten achter de konkurrinten út de Flevopolder stien. En dêrom binne de punten neffens Hulshoff wichtich. Benammen yn de striid om de boppeste play-off-plakken, wêrby't Almere in direkte konkurrint is.

Dochs is der noch wol in ferbetterpunt oan te wizen yn de wedstriid, neffens de trainer. "Nei de 1-0 fan hiene wy saakliker wêze moatten om de foarsprong fierder út te bouwen nei 2-0. No wiene der aksjes sûnder út te spyljen. Dêr falt foar ús noch wol winst te beheljen."

Tûker wêze

Tissoudali is bliid mei de winst, mar de ploech hie wat tûker omgean moatten mei de kânsen. "Dan hadden we misschien meer doelpunten gemaakt. We hebben het eigenlijk wat moeilijk voor onszelf gemaakt, maar ik ben blij dat we hebben gewonnen", sa seit de doelpuntemakker. Ek hy sjocht al nei de striid om de boppeste play-off-plakken. In fiifde plak is foar SC Cambuur in stik better as in sechde of sânde plak, om't de klup dan in foarronde foar de play-offs oerslaan kin. "Vijf punten, en één punt voor zijn grote verschillen, we hebben hier belangrijke punten gehaald," sa seit Tissoudali.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)