Swiere kritearia foar dielname oan Alvestêde-ultrarun

17 feb 2017 - 22:25
Foto: ANP

Minsken dy't meidwaan wolle oan de Elfsteden Ultraloop moatte oan swiere kritearia foldwaan. De organisaasje hat in list mei minimale easken op Facebook set.

Dielnimmers moatte oantoane dat se sa'n lange draaftocht oan kinne. Se moatte bygelyks al ris in offisjele 100 km-wedstriid yn minder as alve oeren draafd hawwe. In mooglikheid is dat minsken in offisjele wedstriid oer 24 oeren draaft hawwe moatte fan op syn minst 175 km. Dat moat dien wêze nei 19 maaie 2016, oars is it oan de organisaasje oft de dielnimmer meidwaan mei of net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)