Warskôging foar tige tichte mist, benammen by Iselmar

Mist (argyffoto) © Anton Kappers
It KNMI warskôget foar tige tichte mist yn de provinsje Fryslân. It waarynstitút jout dêrfoar koade giel ôf. Neffens it KNMI soe de mist benammen yn de omkriten fan de Iselmar foarkomme. Op de slimste plakken soe it sicht minder as 200 meter wêze. It is de ferwachting dat de mist oant sneontemoarn hingje bliuwe sil.