KH2018-plan 'Jabikspaad oarsom' freed presintearre

17 feb 2017 - 19:43

Ald-boargemaster Klaas Dankert fan It Bilt naam freed yn de Groate Kerk fan Sint-Jabik it earste eksimplaar fan it projektplan 'Santiago aan het Wad' yn ûntfangst. It doel dêrfan is de promoasje fan it 'Jabikspaad oarsom'. Net fan noard nei súd, wat de tradysje is, mar fan súd nei noard.

Santiago aan het Wad sil los yn 2018. Doel is groepen kuierders en fytsers út it suden fan Nederlân en België op 25 july 2018 tagelyk útkomme te litten yn Sint-Jabik. De organisaasje rekkenet op 2000 dielnimmers. Uteinlik einpunt is Swarte Haan.

Sliepe yn tsjerke

Wêr't alle kuierders en fytsers sliepe moatte wit de organisaasje noch net. Direkteur Gerhard Bakker fan Stichting Alde Fryske Tsjerken hat wol in idee. Hy wol ûndersykje oft guon tsjerken oan de rûte ek iepen kinne foar 'champing', kampearje yn tsjerke. Soks kin de kuierders in goedkeap sliepplak en de tsjerken in moaie ynstruier jaan. Yn Ingelân is 'champing' al in begryp en Bakker wol no ûndersykje oft soks yn Fryslân ek kin. "Ik sil dêroer mei de pleatslike kommisjes yn petear. As it in bydrage leverje kin oan it behâld fan de tsjerken tink ik: wêrom net. Foar de minsken dy't ûnderweis binne is it grif in moaie ûnderfining om in kear yn in tsjerke te sliepen."

De kâns dat de Groate Kerk yn Sint-Jabik ek meidocht oan de slieperij liket net al te grut. Foarsitter frou Hilarides wol dit har frijwilligers net oandwaan. Dy binne no al drok besteld mei it kulturele programma. Boppedat wurdt 2018 ek sûnder útfanhûzers yn tsjerke drok genôch.

Alternatyf foar Pieterpad

Ald-boargemaster en âld-deputearre Dankert krige it earste eksimplaar, omdat er sels in 'Santiago-feteraan' is. Hy fytste de 2700 kilometer nei Santiago de Compostela yn 1993 en stie mei pastoar Van der Wal oan de widze fan it Jabikspaad fan Sint-Jabik nei Hasselt yn Oerisel. Troch it Jabikspaad en it ynformaasjesintrum yn de Groate Kerk kriget Sint-Jabik no ek al mear toeristen as tweintich jier lyn. It giet faak om kuierders dy't wolris wat oars wolle as it populêre Pieterpad. Om de rûte no oarsom op de kaart te setten nei 'Santiago oan it Waad' fynt Dankert in machtich idee. "Dat hie ik yn 1993 noait dreame kinnen."

(advertinsje)
(advertinsje)