Provinsje wol ûndernimmers tariede op KH2018

17 feb 2017 - 17:51

Wat is sûkerbôle yn it Dútsk? En hoe sette je bygelyks in gerjocht mei Fryske Dúmkes op in Ingelske menukaart? It binne fragen dêr't ûndernimmers wolris mei te krijen hawwe kinne as se har tariede op Kulturele Haadstêd 2018. De provinsje Fryslân organisearret dêrom yn gearwurking mei Merk Fryslân in tal gearkomsten foar ûndernimmers hjiroer. By de gearkomsten wurdt útlein hoe't ûndernimmers har oanslute kinne by KH2018.

Njonken praktyske ynformaasje wurdt ek ynstutsen op de eveneminten. As ûndernimmers witte hokker eveneminten oft der binne, soene se har neffens de organisaasje makliker by de aktiviteiten oanslute kinne.

Deputearre Kielstra is bliid mei it nije inisjatyf: "Toerisme- en recreatie-ondernemers helpen we nu concreet om goed voorbereid aan de slag te gaan met LF2018. Wat mij betreft wordt 2018 een topjaar voor deze sector. Oh ja, sûkerbôle is Zuckerbrot in het Duits, dan weet u dat alvast!"

Trefwurden: 
KH2018 ûndernimmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)