Mei nulmjitting gaswinning Top en Twel yn kaart bringe

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De CDA-fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân wol in nulmjitting yn Top en Twel om de gefolgen fan de gaswinning goed yn kaart te bringen. De partij wol dêrfoar tiltmeters brûke, dy't folle krekter binne as oare metoaden. De gemeente ûnderhannelet op dit stuit mei Vermilion oer de betingsten fan de boarring. Ien fan de betingsten dêr't it CDA yn de gemeente op oantrune hat, is in nulmjitting fan alle hûzen, gebouwen, brêgen en diken.
Op 14 febrewaris hat CDA-wurdfierder Agnes Mulder by it mynboudebat yn de Twadde Keamer de minister oproppen om tiltmeters yn te setten yn Toppenhuzen en Twellingea. Minister Kamp hat lykwols oanjûn hjir net op yn te gean.