Fairtrade groeit yn Fryslân hurder as lanlik

17 feb 2017 - 15:12

De ferkeap fan Fairtrade-produkten is yn Fryslân de lêste fiif jier hurder tanaam as lanlik. Hast trijekwart fan de Friezen keapet it wolris. Mar Friezen jouwe der net in hiel soad jild oan út: 16,50 euro yn it jier. Deputearre Schrier fynt dat der wat dat oanbelanget noch wol in slach te meitsjen is. Hy fynt dat it gewoaner wurde moat om produkten te keapjen dy't op in earlike manier makke binne.

Fryslân is sûnt ferline jier Fairtrade-provinsje en stipet de ferkeap fan earlike produkten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)