Piter Wilkens sjongt it nije Hea!-liet

18 feb 2017 - 14:15

De tekst en de melody fan it nije Hea!-liet binne klear. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân hat sjonger en tekstskriuwer Piter Wilkens de opset foar it liet presintearre. Mear as hûndert harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân ha in bydrage levere yn de foarm fan wurden, sinnen of sels hiele kûpletten. Mei dizze yngrediïnten hat Wilkens it liet makke.

Fluitsje

"Frij gau hie ik in idee foar de melody" fertelt Piter Wilkens. "Ik tocht, ik begjin simpel en dan sjoch ik wol wêr't ik út kom, mar it is eins simpel bleaun. It wie wol lestich om al dy teksten te brûken op de melody. Mar ek hiel leuk om te dwaan. Ik woe eins alle teksten brûke en it moast rymje, mar eins rimet der hielendal neat." Sinnen as 'One two strie hea, in bytsje hea kin gjin kwea' en  'it fielt sa goed sa tichtby mei typstra's as dy en my' binne der yn ferwurke. "As ik in nij ferske skriuw, fluitsje ik meastentiids de melody, mar by dit liet fûn ik it fluitsje sa passend by Hea dat ik it deryn litten ha." De ferzje sa't dy no is, giet nei Peter van der Zwaag dy't der in arranzjemint fan makket. 

Oprop

It programma Hea! is no op syk nei minsken dy't meisjonge wolle oan it Liet en meidwaan wolle yn de fideoklip dy't fan it ferske makke wurdt. Opjaan kin noch de kommende wike op www.omropfryslan.nl/hea

Trefwurden: 
Piter Wilkens Hea! Liet
(Advertinsje)
(Advertinsje)