Harns kriget mooglik dochs misthoarn werom

17 feb 2017 - 14:59

Der liket dochs takomst te wêzen foar de misthoarn yn Harns. Dat meldt de aksjegroep foar de misthoarn. Rykswettersteat helle de misthoarn juny 2015 fuort nei klachten oer lûdsoerlêst.

Nei fragen yn de Harnzer gemeenteried lit Rykswettersteat no witte dat se iepenstean foar in petear mei de gemeente oer mooglike werompleatsing. De gemeentlike haventsjinst soe dêr dan ferantwurdlik foar wurde, en ek foar it behear en it ûnderhâld fan de misthoarn.

It lûd fan de misthoarn tsjinne earder as beaken foar de skipfeart. Dy funksje is oernaam troch modernere navigaasjemetoaden.

Neffens Jules Dutrieux fan de pro-mishoarngroep heart it lûd fan in misthoarn by in havenstêd lykas Harns. It jout in fertroud gefoel.

Trefwurden: 
Harns Misthoarn
(Advertinsje)
(Advertinsje)