Hûnderttûzen euro boete easke foar deadlik ûngelok dongsilo

Rjochtsaak fanwege deadlik dongsilodrama yn Makkingea, trije minsken kamen om it libben © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Tsjin de eigener fan it skjinmakbedriuw dat ferantwurdlik hâlden wurdt foar it deadlik ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea, is in boete fan 100.000 euro easke, en in selstraf fan ien jier ûnder betingst. Ek soe er in healjier lang gjin lieding jaan meie oan it bedriuw en moat er in wurkstraf fan 240 oeren ûndergean.
By it ûngelok trije-en-in-heal jier lyn kamen trije minsken om it libben, ûnder wa twa fan syn wurknimmers. De eigener fan it bedriuw wurdt der fan fertocht dat er de risiko's fan it skjinmeitsjen fan de dongsilo net goed ynskatten hat.