Earder deadlik ûngelok by skjinmakbedriuw dongsilo

17 feb 2017 - 14:11
De dongsilo yn Makkingea dêr't trije deaden foelen - Foto: ANP

By it skjinmakbedriuw dat yn 2013 belutsen wie by it deadlik ûngelok mei trije slachtoffers yn in dongsilo yn Makkingea, is earder in meiwurker om it libben kaam. Twa jier earder ferstoar der ek in wurknimmer yn in dongsilo. Dat die freedtemiddei bliken by de behanneling fan de strafsaak tsjin de direkteur fan it bedriuw. Hy soe de risiko's net goed ynskatten ha en net genôch feilichheidsmaatregels naam ha.

Yn april 2011 foel in meiwurker fan it bedriuw fan it dak fan in fergister yn Luttelgeest en ferstoar. It skjinmakbedriuw krige doe in boete fan goed 10.000 euro. Trije jier dêrfoar moast it bedriuw in boete betelje fan goed achttûzen euro, omdat der ien fan in ljedder fallen wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)