Beammekap foar partikulieren is tenei net mear tastien

17 feb 2017 - 13:47

Partikulieren meie tenei net mear beammen omseagje foar eigen gebrûk yn gebieten fan Steatsboskbehear. Dat hat de natuerorganisaasje besletten nei oanlieding fan in tal ûngelokken. It giet om relatyf lytse kontrakten fan maksimaal fyftjin kúb. Lanlik binne der 2.000 minsken dy't hjirfoar in kontrakt hawwe mei Steatsboskbehear.

Ek yn Fryslân kamen der op dizze wize minsken oan hout foar de iepen hurd. De natuerorganisaasje besjocht oft der ek oare oplossingen binne om it hout by dy minsken te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)