Feardaam op it Amelân wurdt drok ferboud

17 feb 2017 - 13:26

De wurksumheden oan de feardaam op It Amelân binne úteinset. Der komt in nij fyts- en kuierpaad, nije parkearfakken en in nij taksyplatfoarm. Ek sil de daam oan de eastkant ferhege wurde. It ferbouwen fan de feardaam is needsaaklik. Op It Amelân hawwe se in soad oerlest fan heech wetter. Dêrneist foldocht de âlde feardaam net mear oan alle hjoeddeiske feilichheidseasken.

Troch de froast fan de ôfrune wiken rûn de ferbouwing fertraging op. Doel is dat de wurksumheden op 1 april klear binne. Foar it projekt is ûngefear 1,4 miljoen euro beskikber. Minsken dy't oerkomme mei de boat, hoege har net drok te meitsjen om de ferbouwing. De gemeente en Wagenborg jouwe mei buorden oan wêr't de minsken hinne rinne moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)