Eelco van der Lingen wurdt kurator keunst by Fries Museum

17 feb 2017 - 12:57

It Fries Museum yn Ljouwert wurdt fan april ôf fersterke mei in kurator moderne en hjoeddeiske keunst. Dit wurdt Eelco van der Lingen, dy't sûnt 2007 wurke as direkteur en kurator by Nest, in platfoarm foar hjoeddeiske keunst yn Den Haach. Mei de komst fan de nije kurator hopet it Fries Museum him yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 profilearje te kinnen as sintrum foar byldzjende keunst.

Eelco van der Lingen

Eelco van der Lingen is oplaat yn de byldzjende keunst oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst yn Den Haach en helles syn Masters Digital Arts oan Middlesex University yn London. In part fan syn famylje komt út Fryslân. ''Ik kijk er naar uit om verbanden te gaan verzorgen tussen Fryslân en de wijde wereld en tussen de kunst en de mensen'', fertelt Van der Lingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)