De stim fan Jan Teade: "Polityk stiet te fier fan boer ôf"

23 feb 2017 - 06:45

Jan Teade Kooistra (47) is melkfeehâlder yn Eagum. "Ik meitsje my wol soargen oer de takomst fan de lânbou, it is al tiden ûnwis en dat bliuwt ek noch wol sa." Hy doelt op de ôfspraken oer de regels oangeande fosfaat. "Polityk ha je net yn de hân. As boeren moatte we soargje dat se ús ferhaal kenne, dat se ris yn de stâl sjogge. No binne politisy benammen dwaande om dingen te sizzen dêr't se stimmen mei winne kinne, in ûnderbúkgefoel. Wy moatte derfoar soargje dat se wol de goede ôfslach nimme wat lânbou oangiet."

"Se steane te fier fan de praktyk ôf. We moatte wol kij yn de stâl hâlde." Jan Teade Kooistra wit al wat er stimme sil. "Rutte mei fan my wol trochgean, dus myn stim giet nei de VVD."

De stim fan...

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)